Die Twa - Fí»gels

Kom en nim my by de han
Lit it gean it swier en dreech ferstan
De sinne skynt, ja dy skynt ek foar dy
Leauw yn dysels en fiel dy fugelfrij
Leauw yn dysels en fiel dy fugelfrij

Halde dyn tinsen dy donker en sa del
Lusterje dan nei wat ik dy fertel
Sjoch nei de loft, it blau, de wolken, lit dy gean
Folgje de fugels, do kinst se ferstean
Folgje de fugels, do kinst se ferstean

Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy
De leafde is sa kreftig, it makket dy frij
Sa frij as in fugel, de fugels om dy hinne
Ja, fiel dy as in fugel en do bist nea alinne

It is bytiden unwerklik en sa swier
yntersearret it dy gjin iene sier
lit it los en sjoch omheech
De pine ferdwynt en meitsje dy leech
de pine ferdwynt en meitsje dy leech

Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy
De leafde is sa kreftig, it makket dy frij
Sa frij as in fugel, de fugels om dy hinne
Ja, fiel dy as in fugel en do bist nea alinne

Fugels binne oeral romtlik en frij
De roppe fertelt hiel wat oan dy en my
Al is de dei sa tsjuster en docht it ljocht dy sear
De fugels fertelle us der is safolle mear
De fugels fertelle us der is safolle mear

Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy
De leafde is sa kreftig, it makket dy frij
Sa frij as in fugel, de fugels om dy hinne
Ja, fiel dy as in fugel en do bist nea alinne

Lyrics licensed by LyricFind

Wijzigen Zit er een fout in de songtekst? Wijzig hem dan nu!