Griet Wiersma - Frysk Hynder

Wy songen oer in hiele soad,
der 't Fryslân grut om is.
Alvestêden, keatsen, silersboat,
mar dêr is ien ding dat ik mis.

As jo sa troch ús Fryslân geane,
mei oeral sa 'n fertier.
Dan sjogge jo him rûnom stean,
ús hynder grutsk en fier.

Frysk hynder sa grut en swart,
't is wert 'k oan tinke moat.
De fuotten heech, de holle fier,
troch it lân sa frij en blier.

Sjoch ik dy mei ruter gean,
as foar de karre stean.
Frysk hynder mei grut ferstân,
de trots fan 't Fryske lân.

En iens yn 't jier dan komme yn 't FEC,
in hiel soad by elkoar.
Elk dy 't dêr komt is hynstegek,
set it beste fuotsje foar.

Dressuer as foar de sjees, ja och,
do bist yn alles goed.
Ik krij pikefel as ik dat sjoch,
dat moaie Fryske bloed.

Frysk hynder sa grut en swart,
't is wert 'k oan tinke moat.
De fuotten heech, de holle fier,
troch it lân sa frij en blier.

Sjoch ik dy mei ruter gean,
as foar de karre stean.
Frysk hynder mei grut ferstân,
de trots fan 't Fryske lân.

Ik sjoch dêr yn ús Fryske lân,
in fôle mei har mem.
De earkes foaroer en mei ferstân,
heart se de boer syn stim.

Op keuringsdagen giet it goed,
de merje is model.
De fôle hat 't ek yn 't bloed,
it is sa 'n prachtich stel.

Frysk hynder sa grut en swart,
't is wert 'k oan tinke moat.
De fuotten heech, de holle fier,
troch it lân sa frij en blier.

Sjoch ik dy mei ruter gean,
as foar de karre stean.
Frysk hynder mei grut ferstân,
de trots fan 't Fryske lân.

Frysk hynder mei grut ferstân,
de trots fan 't Fryske lân.

Lyrics licensed by LyricFind

Wijzigen Zit er een fout in de songtekst? Wijzig hem dan nu!